Fan 1990 ôf wurdt der foar de bern fan beide basisskoallen in foardrachtsjûn organisearre op de earste freed yn novimber. De bern wurde yn de kunde brocht mei Fryske gedichten en se drage dy foar op it toaniel fan it Tiksel mei as publyk harren heiten, memmen, pakes, beppes en sa fierder. De toanielklup fersoarget it oanbod fan gaadlik achte bernegedichtsjes fia de beide skoallen. Wy binne der tige bliid mei dat de beide skoallen meihelpe wolle om dizze konstruksje mooglik te meitsjen. De learkrêften kinne de bern tidens de taallessen de gedichtsjes opsizze litte en se helpe by ‘t foardragen.

 

Fan groep 4 ôf meie de bern meidwaan. Hja wurde beoardiele troch in sjuery fan 3 persoanen. Dy sjogge nei de folgjende ûnderdielen: wurdt de tekst behearske, lit it bern sjen wat der yn him omgiet (mimyk), wurdt der mei de stim útdrukking jûn fan de emoasjes. Dizze 3 rubriken wurde koart gearfette op in oarkonde dy ‘t de bern nei ôfrin fan de jûn mei nei hûs ta nimme kinne. Der binne gjin priiswinners, alle bern winne in pryske foar har dielname oan de foardrachtsjûn har oanbean troch it toanielselskip faak mei stipe fan de Rabobank “de Lauwers”.