De taskôgers skuorden har betiden de bûsen út om de klucht. Dêryn foelen mei namme Jan de Vries op dy 't foar 't earst meispile as lid fan it toanielselskip en Nynke Numan dy 't har rol op treflike wize yn goed 3 wike ynstudearre hie as ynfalster foar Rennie van Kammen. De oare spilers dy 't ek tige op har plak wiene wolle wy net ferjitte: Froukje Roorda, Gryt Kets, Antje v.d. Heide en Alle Visser. Hja spilen ûnder regy fan de âld-Rotfalster Alle Oldenburger mei as ynstekker/regy-assistinte Angré Rypma.
Op de premjêre jûn wiene der ek noch oare wichtige besikers: 3 karmasters fan de STAF (Stichting Amateurtoaniel Fryslân, foarhinne it Boun Fryske Toanielselskippen!). Hja skôgen de foarstelling foar de dielname fan ús selskip oan de toanielkriich. Wy spylje yn de op ien nei heechste klasse – By Utstek – fan de fiif klassen yn ús provinsje. Woansdei 16 maart fertelle hja yn in mûnling petear har befinings fan dizze útfiering. Op é Slútjûnen yn de Lawei wurdt de útslach yn punten bekind makke.
It toanielselskip spile har twadde útfiering op saterdei 5 maart. Dizze útfiering wie nei ús betinken fierwei de bêste fan de trije. Ek de wikselwurking mei de folle seal die dêr ta by. Op freed 11 maart waard der foar de Kulturele Kommisje de Rottefalle spile. Ek doe in prachtich folle seal. Grif hat de mûle op mûle reklame yn ’t doarp dêr in goeie útwurking op hân. Der moasten sels noch stuollen by set wurde.
It t.s. de Rottefalle kin op slagge toanieljûnen werom sjen.