Foar de 20-ste kear organisearre T.S. de Rottefalle har Foardrachtsjûn foar de bern fan groep 4 o/m 8 fan beide basisskoallen yn ús doarp. Meielkoar diene der 36 bern oan dizze jûn mei. De bern hiene moai wat “supporters” meinommen dy ’t troch Gryt Kets út namme fan de toanielklup ferwolkomme waarden.

It thema dêr ’t de bern fan groep 7 en 8 harren gedicht oer gearstalle mochten wie fan ’t jier tekenje, skilderje en knutselje. De bern krigen foar har dielname nei ôfrin in oarkonde mei dy ’t troch in sjuery besteande út Rennie van Kammen, Jellie Jansma en Alle Oldenburger ynfolle wiene en foar elk wie der ek noch in presintsje: in skilderssetsje. Nei de foardrachten makke de sneltekener Jan Wouda fan Drachten noch fan in 4-tal bern in selsportret.

In wakker slagge en moaie jûn. Der binne foto’s te sjen op :

http://picasaweb.google.com/masterjoop/Foardrachtsjun2010?authkey=Gv1sRgCPGwhb6_n_uQFg&feat=directlink