Ein Foardrachtsjûnen.

Op de jiergearkomste fan fan 't jier is der besletten de Foardrachtsjûnen te beëindigjen; der binne gjin ferfangers te finen foar Froukje, Rennie en Styn, dy 't nei 20 jier de put der út hawwe. Hjirfoar yn 't plak sil der besocht wurde in Jeugdtoaniel- en Ienakterjûn yn novimber te hâlden te begjinnen yn novimber 2012.

Fan 1990 ôf waard der foar de bern fan beide basisskoallen in foardrachtsjûn organisearre op de earste freed yn novimber. De bern waarden yn de kunde brocht mei Fryske gedichten en se droegen dy foar op it toaniel fan "it Tiksel".  De toanielklup fersoarge it oanbod fan gaadlik achte bernegedichtsjes fia de beide skoallen. 

 

Fan groep 4 ôf mochten de bern meidwaan. Hja waarden beoardiele troch in sjuery fan 3 persoanen. Dy seagen nei de folgjende ûnderdielen: tekst behearsking,  mimyk, stimwikselings. Dizze 3 rubriken waardenkoart gearfette op in oarkonde dy ‘t de bern nei ôfrin fan de jûn mei nei hûs ta nimme mochten.  Alle bern krigen in pryske foar har dielname oan de foardrachtsjûn har oanbean troch it toanielselskip faak mei stipe fan de Rabobank “de Lauwers”.