Op dizze jûn wiene der 28 leden fan ús klup en ús nije spullieder byelkoar mei of sûnder sydsulver. Mei in grutte pankoekspanne koene hja goermette. De slachter fan de Pein Biesma hie in treflike goermet miel foar ús gearstald. Der waard wakker gesellich tafele en de drankjes dy 't troch de klup oanbean waarden floeiden ryklik. Oan 'e ein fan de jûn hie Joop noch in bingoferhaal ophongen oan de 75 sifers fan it spul. In slagge jûn koe foarsitter Antje mei tank oan de 3 kommisjeleden Froukje, Styn en Teije ôfslute.