Freed 23 augustus wie der in Gesellige Jûn organisearre foar ús leden. Hennie, Gepke en Liesbeth hiene dizze jûn op har nommen hjirfoar in ynfulling te jaan. Hja hiene al fier fan te foaren hifke wa 't dizze jûn meidwaan wolle soene. Marcissa van Schuilenburg fan Ljouwert soe oan  in workshop “uitdrukken van emoties” lieding jaan. Der kamen 11 opjeften binnen via de mail. Op dizze jûn bestie it earste part út in saaklik diel, in soarte fan ledegearkomste. It bestjoer koe meidiele dat der 2 nije leden by kommen binne, t.w. Jelle Witteveen en Jacob Postema, dat hja foar de toanielkursussen foar sawol jongeren as folwoeksenen in oantal stappen set hie. Jelmar Hoekstra hat op ús fersyk in kursusopset makke, mei de kuorbal is besocht in gearwurkingsferbân oan te gean oangeande de organisaasje fan de kursussen, op 'e side fan ússels tsderottefalle en  op dy fan ús doarp is in oprop pleatst en der binne yn it doarp hûs oan hûs folders rûnbrocht.  De gearwurking is der spitigernôch net kommen mei W.H. Dielnimmers kinne har noch oant 1 septimber ta opjaan. Fan de oanwêzige leden joegen har al fêst foar de folwoeksenen kursus op: Hennie, Gepke, Liesbeth, Aïda en it nije lid Jacob Postema.

 De lêskommisje brocht ferslach út fan har lêsaktiviteiten. Hja hie yn gearwurking mei Alle Oldenburger in stik útsocht: “Wat binne wy moai fuort”. Yn dit blijspul passe 3 frouljus- en 3 manljusrollen. Leafhawwers dêrfoar kinne har no al fêst oanmelde.

Nei dit saaklike part ha wy ûnder it genot fan in hapke en in drankje gesellich by elkoar sitten en doe 't Marcissa arrivearre wie ha wy in pear oefenings út har workshop dien. Tige learsum.
De jûn waard ôfsletten mei gesellich kletsen en in drankje en in hapke.