Al wer foar de fyfde kear organisearre it t.s. de Rottefalle yn “it Tiksel” in toanieljûn fersoarge troch leden, net-leden en jeugdspilers út ‘e Rottefalle.
De Ienakterploech spile “Herberch oer ’t Hekje”. It ferhaal spilet him ôf yn ‘e Flowerpowertiid. De dielnimmers wiene leden en net-leden fan ús toanielklup, dy ’t fan ’t winter net yn it “grutte” stik meispile hiene. Angré Rijpma ek lid fan ús klup hie de lieding fan dizze ploech.
De Jeugdploech bestie út mar leafst 16 leden. Hja spilen de mini musical “De Wiz fan Oz”. In tige oansprekkend gehiel fan muzyk, kleuren, jonge, blije minsken ûnder ynspirearjende lieding fan Jelmar Hoekstra.
Der waarden oan ‘e seal 150 kaarten ferkocht. Dat bestjutte dat de seal mear as fol siet mei alle minsken dy ’t in rol spilen of meiholpen foar of achter it toaniel of yn ‘e keuken.
In bysûnder moaie, slagge toanieljûn.

Foar it besjen fan de foto's sjoch "Fotoalbums"