Ienakter- en jongereintoanieljûn.

Op saterdei 24 april 2010 spilen twa ploegen fan ús elk in opfiering om acht oere de jûns yn “It Tiksel”.
In ploech fan 13 jongeren fan 12 jier en âlder fierden in musical op fan it ferhaal fan de Blues Brothers! Hja hiene dizze ynstudearje ûnder lieding fan Jelmar Hoekstra, dy 't lid is fan ús toanielselskip en en in oplieding fan dramadosinte genoaten hat. De folgjende spilers stiene op it toaniel: Jorian Kamp, Renske Jansma, Marchien Kets, Willemien Kets, Marco Westerhof, Myrthe Heres, Berber v.d Kooy, Nynke Hoekstra, Marjan Klaver, Roelien de Boer,Teckla de Boer en Jesler v.d. Vlugt en Amarins v.d. Wal. Hja krigen in steande ovaasje fan de seal doe 't hja oan 'e ein fan it stik ôfskie namen fan it publyk. Hja koene op in tige slagge útfiering werom sjen. Foar foto's gean nei: http://picasaweb.google.nl/masterjoop/BluesBrothers#

De ienakterploech spile in besteande ienakter: "Rûzje yn it spul". De regy fan dizze ploech - 8 froulju en 3 manlju - wie yn hannen fan Gerda Veening fan Drachten. Der waard omraak, entûsjast toanielspile: in grut súkses. Spilers wiene: Ynke Veenstra, Ria Zandbergen, Nynke Numan, Antje v.d. Heide, Froukje Roorda, Nelleke Keuning, Daniëlle Brands, Hennie Meppelink, Simon Numan, Ebe de Vries en Klaas Kloosterman. Griet Welling wie de ynstekster. Foar foto 's http://picasaweb.google.nl/masterjoop/RuzjeYnTSpul#

Dizze jûn waard tige goed besocht troch it publyk: der waarden sa 'n 145 kaarten oan de man brocht. Net te sizzen dat de seal prachtich beset wie. Nei ôfrin fan beide ienakters waard der troch de neibliuwers noch in hiel set gesellich byelkoar sitten.