Op 10 maaie wie der in moaie opkomst fan leden op ús jiergearkomste: 16 fan de 28. Der koe oan de leden meidield wurde dat Johan de Vries syn bedriuw ús jierliks sponsoret. Der hawwe har 2 nije, jonge leden by ús oansletten: Ynke Veenstra en Simon Numan. Spitigernôch hat Frans Germeraad him werom lutsen as lid. Joop Mast is wer keazen yn 't bestjoer. Takomme winter sil de klucht "Boeiing, Boeiing" opfierd wurde. Alle Oldenburger (in âld-Rotfalster) sil de regy dwaan. Der binne genôch opjeften fan de spyljende leden om de rollen dêrfoar te besetten. De kontribúsje fan leden is ferhege nei € 25 jierliks en de leechste stipersbydrage is op € 4 fêststeld. De start fan it nije winterskoft sil plak hawwe op 1 oktober o.s. Teije, Styn en Froukje sille dan it feestelike part fersoargje, miskien wol mei in gourmet.