Der wie in moaie opkomst op ús jiergearkomste: 17 leden. Ek ús jongste en pas nije lid Marco Westerhof joech tidens de fergadering akte de présense. Oan ‘e ein fan ús ferieningsjier hawwe wy 30 leden. De dielname oan de Kriich fan de STAF mei Boeiing Boeiing hat yn de By Utstek Klasse 225 punten opsmiten. Hjirtroch bliuwe wy yn dizze klasse spyljen.
Der waard û.o. wakker harsenskrabbe oer it al of net trochgean litten fan de Foardrachtsjûn. Ik komt der koart wei sein op del dat de organisaasje fan dizze jûn al fan ’t begjin ôf oan yn deselde hannen west hat. Froukje, Styn en Rennie kinne nei 20 jier de motivaasje net mear opbringe hjirmei troch te gean en de klup slagget der net yn ferfangers foar harren te finen. It bestjoer stiet noch hieltiten efter de opset fan dizze jûn. Ek efter de achterlizzende idee dat de skoaljeugd sa yn kontakt komt mei ús toanielselkip. Lykwols no hat hja it foarstel dien yn ’t plak fan dizze Foardrachtsjûn de Ienakter- en Jeugdtoanieljûn te organisearjen. Lang om let krige dat foarstel de ynstimming fan de leden. De planning is dat op freed 26 novimber o.s. de Ienakter- en Jeugdtoanieljûn hâlden wurde sil.
It foarstel om de dielnimmende jeugdleden - yn tsjinstelling fan wat oant no ta wenst wie - in fergoeding te freegjen foar de toaniellessen, dy ’t yn de repetysjeperioade ynsletten sitte, krige algemiene ynstimming. De lieding is yn hannen fan in “bevoegde” dramadosinte en dy sil dêr tenei ek foar fergoede wurde.
De gearkomste wie fan betinken dat der tidich in berjocht nei de mienskip gean moat fan it ôfblazen fan de Foardrachtsjûn. Mochten der inisjatyfnimmers wêze de organisaasje hjirfan oer te nimmen dat dy dan fan harte wolkom hjitten wurde sille.
It winterprogram waard op’e gearkomste ek fêststeld mei de wittenskip dat de posysje fan “It Tiksel” noch tige ûndúdlik is. De útfierings sille takomme jier 9, 10 en 16 maart belein wurde.
De jiergearkomste waard lykas wenst ôfsletten mei in gesellige neisit mei in hapke en in drankje.