Wy hiene woansdei 14 maaie útsocht om yn it lytse sealtsje fan "it Tiksel" by elkoar te kommen foar ús Jiergearkomste.  Wy ferwachten fansels dat ús leden dizze jûn manmachtich akte de presence jaan soene: der kamen 11 leden. 
It jierferslach fan Joop en it jildelik ferslach fan Froukje waarden goedkard. We waarden gewaar út it jildelik ferslach dat ús beide útfierings better jildelik risseltaat hiene, no 't wy net foar de Kulturele Kommisje spile hawwe. 
It bestjoer hat mei har leden de plannen te besjoen foar it jier, as der gjin doarpshûs ta ús beskikking stiet; yn maart 2015 hoopje wy dat de bouwers losgeane mei it nije Multi Funksjonele Sintrum.

Mei elkoar ha wy besletten yn novimber in Ienakterjûn te hâlden. In Lêskommisje, besteande út Gepke, Froukje, Rennie, Taekje en Liesbeth, sil him dwaande hâlde mei 't sykjen fan in gaadlik stik. Der sil foar de repetysjes om in nije regisseur socht wurde.
Yn septimber sille wy foar ús leden en harren  "partners" in gesellige jûn organisearje foar de start fan it nije ferieningsjier. Froukje, Styn en Taekje hawwe har opjûn foar de organisaasje fan dizze jûn. 
nei de gearkomste ha wy noch gesellich neisitten mei in hapke en in drankje.