Freed te jûn 4 maart betocht it t.s. de Rottefalle op har premjêre mei de komeedzje "Boeiing, Boeiing" dat hja 30 jier bestien hiene.
Fan de oprjochters fan 1981 wiene Froukje Roorda , Styn Mast, Teije Pool, Taekje de Boer en Joop Mast oanwêzich. Froukje spile yn 'e komeedzje mei, Styn kleurde en kapte de spilers lykas wenst, Teije en Taekje holpen yn 'e seal mei kaartsje ferkeapjen, kofje skinken yn 'e keuken en Joop die de presentaasje fan de jûn.
Der waard ek betocht dat 2 minsken 25 jier aktyf wiene foar it selskip: Jan Posthumus spile yn 7 stikken mei en Lieuwe Booi is al 25 jier toanieltimmerman. Hy waard dêrom befoardere ta eare-toanieltimmerman.