Troch ús lid Marco Jelmer ha wy de útfiering fan de musical Grease yn “it Tiksel” organisearje kinnen op saterdei 5 april 2014.

Studinten fan de COSMO Academie fan it Hearrenfean hiene foar har oplieding dizze musical yn studearre en yn desimber 2013 ek al ris opfierd as skoalleopdracht. Hja – Marco, dus – hiene ús frege oft hja 't foar de Rottefalle ek nochris wer dwaan mochten.

Wat aktearren (playbackten) dizze jonge lju natuerlik en mei oerjefte. In prachtige groep, jonge, ynspirearre spilers! Gjin tel ha 'k der lêst fan hân dat der playbacked waard, sa mei ynspiraasje en fol oerjefte kaam de musical oer de fuotljochten.

De taskôgers saterdei 5 april yn de grutte seal fan “it Tiksel” bestiene foar in grut part út femyljeleden en kunde fan de spilers. Ek wiene der 2 leararessen fan de skoalle fan de spilers. Fan ús leden wiene der mei Marco Jelmer 12 oanwêzich ek om mei te helpen yn de keuken en om te bestjinjen.

De oanwêzigen kinne werom sjen op in bysûndere foarstelling!!

Foto's binne te sjen by "Fotoalbums"