In moaie útfiering mei ôfwikseljende programma's

Wy  spilen de ienakter "Mei sturt en earen" saterdeijûn 24 novimber yn it Tiksel" foar in moai besette seal. De spilers fierden mei faasje dizze fleurige ienakter op dêr 't Rennie yn skittere. Fansels dogge wy Froukje as beppe, Hennie as dokter, Simon as feearts en Eabe as heit gjin tekoart mei. Hja fagen har paadsje mear as skjin. Ek Marco Jelmer spile syn rol fan pubersoan tige echt. In ferrassing wie ’t spul fan Willemien Kets as puberdochter: tige libbensecht en natuerlik.

Gjalt de Jong en Paul Simonsma seagen wy as twa  kleurige travestiten lâns kommen en by boargemaster Van Bekkum op ' e skoad  kroepen.  Letter fermakken hja as Paul en Gjalt de seal mei seemansferhalen en bypassende sang en muzyk. Marco Jelmer Westerhof en Jesler van der Vlugt diene de skets "Bingo" fan André van Duin. Prachtich gewoan. De réaksjes fan de oanwêzigen wiene allegearre like goed en posityf. De thúsbliuwers hiene werris ûngelyk.