De revu oan de ein fan de feestwike by gelegenheid fan it 200 jierrich bestean fan de Compagnons hat in grut súkses west. Fan ús toanielklup diene oan dizze útfiering op de planken mei: Froukje Roorda, Hennie Meppelink, Aïda Jansma, Liesbeth Pieterson, Welmoed Ybema, Nelleke Keuning, Marco Jelmer Westerhof en Simon Numan. Efter de kleden diene Styn Mast en Annie Bergsma en ús âld-lid Ria Zandbergen harren kap- en grimewurk. Wim Stuivenwold fersoarge de muzikale lûds ûndersteuning wer as fan âlds. De klean fan de spilers(-sters)  wiene troch Styn, Froukje, Rennie en Wietske útsocht: wat stiene de akteurs(-trises) der prachtich by yn al dy ferskillende revu ûnderdielen. Spitigernôch hie Rennie van Kammen troch sykte har wichtige rol fan spylster en choreografe dellizze moatten. 
Mei de leden fan de spylploech  fan Wêz Handich hat der fan de begjinfase ôf oan  in tige waarme gearwurking west fan organisaasje, koördinaasje en sa mear. Soks freget om in fuortsetting.
Ek de oare dielnimmers fan bûten de beide toanielploegen diene folop mei. Wat soe 't moai wêze dizze fantastyske minsken yn ús toanielfermidden opnimme te kinnen.
De lieding fan de Revu wie yn hannen fan Alle Oldenburger en de choreografy die Wietske de Boer, doe 't Rennie spitigernôch it byltsje der by dellizze moast. Ek de muzikale lieding troch Wijke Bargerbos hat fan grutte wearde west. 
Wy kinne op in grut súkses fan de dielname fan ús feriening oan de fiering fan dit jubileum werom sjen.