Freed 2 maaie wiene de selskippen – oansluten by STAF út de Eare Klasse en de Earste Klasse – op 'e Slútjûn, dy 't dit jier yn de Harmonie te Ljouwert hâlden waard y.f.m. de ferbouwerij fan de Lawei.

De útslagen fan de kriichdielname waarden dizze jûn bekind makke, troch Jelle Terwal, de kriichkoördinator fan Donkerbroek. Fansels wiene wy tige benijd nei de útslach fan ús toanielselskip mei 't blijspul “Wat binne wy moai fuort”. De karmasters hiene ús 215 punten tatocht; dat wie in tige moaie útslach.

It slútjûnstik, útkeazen op adfys fan in Seleksjekommisje yn steld troch de Staf, mei û.o. as lid Joop Mast, hjitte “Hite Bliksem” en waard spile troch “Op nij feriene” út Bantegea. It stik is ynspirearre op “de Groene Mijl” (The Green Mile) in bekinde spylfilm en Keimpe Vlietstra makke dêr in Frysk toanielstik fan.De “Hite Bliksem”ferwiist nei de elektryske stoel, dy 't yn it stik hieltyd as driigjend ein foar de finzenen in ôfgriizjende rol spilet.

Der moasten leafst 14 rollen spile wurde. Der stie in dekôr, sa professjoneel delset, dat it sels draaid wurde koe nei in hiele oare sêne ta. De rollen en de ensenearing waarden hielendal troch eigen minsken fan Bantegea delset. Dit skaaimerk hat der ta laat dat de seleksjekommisje it STAF bestjoer adfisearre hat Bantegea foar kar te nimmen.

 En dêr hoechde nimmen spyt fan te hawwen sjoen en heard it lange steande applaus fan in seal fol toanielleafhawwers.