Sa hjit het blijspul fan Diana Monshouwer yn in Fryske oersetting fan Siep Jorna dêr 't de toanielploech fan it t.s. de Rottefalle mei oer de fuotljochten komme sil op saterdei 1 en op 8 maart yn "it Tiksel" yn de Rottefalle.  

Hennie Meppelink, Gepke Rijpma, Willemien Kets, Jacob Postema, Marco J. Westerhof en Simon Numan repetearje onder lieding fan Alle Oldenburger mei als regy-assistinte/ynstekker Angré Rijpma oan it toanielstik. 
Under begelieding fan in gids nei de binnenlannen fan Afrika. Foar de rike en dominante Luciel de ideale reis om opskeppe te kinnen foar har freondinnen. Henry, in goede siel, giet lykwols om in hiel oare reden mei as syn frou. Henk en Annie, dy't in priis wûn ha en derom de reis meitsje, sjogge der hielendal nei út. De jonge, ûnferskillige en luie Emma makket het reisselskip kompleet. Luciel ergeret har dea oan het Halden en Dragen fan Henk en Annie, twa Typen fier onder har Stan en fan Emma moat se al hielendal neat ha.  
Us toanielselskip spilet op dit stuit yn de Earste Klasse fan de STAF en docht ek fan 't jier wer mei oan de jierlikse toanielkriich. 
Op de premjêre is der nei ôfrin fan het blijspul dûnsjen op muzyk fan it duo "Dûbeldyk" fan Grou. Op 8 maart is der nei ôfrin noch in gesellige neisit mooglik mei eftergrûnmuzyk fersoarge troch ús toanieltechnikus Wim Stuivenwold.  
Tagongskaarten binne yn de foarferkeap door Bakker Wouda te keap en op de útfieringsjûnen oan de seal à € 7,50 foar de stipers fan ús en foar € 8,50 foar de oare taskôgers. 
(foar repetysjefoto's sjoch:"Fotoalbums: dûbelklik foto links ûnder)