Op de earste jûn fan 28 septimber kamen der in stik as 6 spilers del dy 't hjirmei te kennen joegen in rol spylje te wollen. Ek it foltallige bestjoer wie oanwêzich mei de regisseur Alle Oldenburger. Yn it troch bestjoer en regisseur útsochte stik "Ferfalske" in skriller fan Ton Davids yn in oersetting fan Gerda van der Wijk sitte 7 rollen: 3 foar de manlju en 4 foar de froulju. Nijfolgjende leden sille meidwaan: Alle Visser, Ynke Veenstra, Simon Numan, Ebe de Vries, Gryt Kets, Froukje Roorda en Gepke Helder. De "rol" fan de ynstekker moat noch ynfolle wurde. Gadingmakkers meie har bêst by 't bestjoer oanmelde.