De iene leagen is de oare net

Nijs >>

Sûnt 23 novimber binne Froukje, Gepke, Ynke en Marko ûnder lieding fan Alle Oldenburger oan it repetearjen mei "De iene leagen is de oare net" yn in Fryske oersetting fan Gurbe Dijkstra. Aïda docht de ynstekkersrol en as hja net kin hat Gryt Welling oanbean har te ferfangen.

It hat in heel o heden west oan 'e gong te kommen. By 't earste stik seine de trije manlju om har movearjende reden de rollen op en yn 't twadde stik sêch ús útkeazen haadrolspylster it net sitten dy te besetten nêst al har droktes thús en op 't wurk. De rol wie te dragend om dy oan in oar te jaan.

Wolle jimme de spilers ris stypje meastentiids repetearje se woansdeijûnen yn "de Finne" en fan 7 febr. ôf yn "It Tiksel"

Terug