Gesellich jûntsje mei't bowlen

Nijs >>

Wy hawwe saterdei 24 okt. 2015 in tige gesellige jûn hawn. Wy hawwe op twa banen de kegels oer de kop goaid en Topscores wiene der foar Jelle, Simon en Lydia! Sels Aleida wie mei yn'e rolstoel. Jelle hat ús wat ferteld oer de 4 ienakters dy't wy graach spylje wolle. Wy hawwe ek noch koarte stikjes yn twatallen spile en dêrnei noch in oere oan it bowlen west. De tiid fleach om. Joop hat allegear foto's makke, sjoch op de facebookpagina as op ús eigen site.

Woansdei 28 okt. 2015 sette wy útein mei it spyljen. Elts dy't him opjûn hat ferwachtsje wy om 19.30 oere yn de kr. skoalle De Finne.
Foar de spilers is der dus mar ien repetysjejûn yn 'e wike. ( fan 19.30-20.30 of fan 21.00-22.00).

Terug