Ienakterjûn maart 2017

Nijs >>

Freed 3 maart en saterdei 4 maart spilen wy ''us Ienakterjûnen” yn 't nije MFS It Werflân. De leden dy 't wy op 't toaniel oan 't spyljen seagen wiene: Hennie en Nelleke yn "Aju Paraplu"; Nelleke, Froukje, Jacob, Marco Jelmer, Lydia en René yn "Om in praatsje ferlegen" en yn "Leave santjin" seagen wy Lysbeth, Rennie, Marco Jelmer, René, Jacob en "good-old" Teije.

Yn de lêste ienakter "Leave 17" de freed te jûns gie it raar mis! Jacob spile de lilke en besoademitere Bauke, dy 't ferwoest op 'e konsumpsjetafel sprong en dêrnei sa ûnfertúnlik te lâne kaam dat er mei fan pine belutsen gesicht en de earm om 't skouder syn rol dochs noch mei in soad pine útspile. Hy koe net iens mear mei de oare spilers it lêste applaus yn ûntfangst nimme. Yn 't sikehûs waard him nei ûndersyk ferteld dat er in slimme skouder breuk hie. Sneu en tige spitich foar Jacob!

De saterdeijûns hat ús spullieder Jelle van der Veen beide rollen fan Jacob spile. It measte út ‘e holle, mar sa no en dan moast er dochs wol even yn ‘t tekstboekje sjen. In knappe prestaasje!!

Beide jûnen wie der in moaie opkomst fan publyk. De koarte toanieljûnen waarden mei muzyk (op CD) ôfsletten. De lju dy 't noch efkes neiprate woene fermakken har lykwols noch tige mei in drankje.

 

Terug