Jiergearkomste 2015

Nijs >>

 

 

De troch it bestjoer útsochte datum fan 20 maart wie foar in protte leden grif net sa'n gaadlike jûn; der tekenen mar 11 leden de presinsjelist en der wiene 6 leden dy 't har ôfmelde hiene.

It jierferslach fan 2014 – 2015 waard even stil by stien: wie Jelle no wol of net lid west? It jildelik ferslach brocht dúdlik nei foaren dat de útfiering net allinne qua opkomst fan de taskôgers mar ek wat de ynkomsten oanbelange in boppeslach west hat. De leden keazen mei inkelde kandidaatstelling Simon en Rennie as nije bestjoersleden. Joop krige in moai bosk blommen en in kadobon as tank foar syn ynset.

Foar 't nije winterskoft ornearren de oanwêzigen dat der besocht wurde moast toaniel op lokaasje út te fieren no wy in doarpshûs leas skoft yngeane. Wurk foar 't nije bestjoer.

 

Nei ôfrin waard er noch gesellich in gleske mei wat der by nuttige en in gesellich spultsje dien. 

Terug