Slútjûn Staf op 28 april 2016

Nijs >>

Wat in grut súkses foar ús toanielselskip op 'e Slútjûn fan de STAF yn de Lawei yn Drachten. Us klup wie nominearre foar de kategory "de bêste foarmjouwing" by de dielname oan de toanielkriich fan ôfrûne winter.
Boppedat wie Lydia de Groot, dy 't yn de ienakter "Fammepraat" de rol spile fan Jasmijn mei har freondinne Aleida Spaak as Lisa, nominearre yn de kategory "bêste jonge talint".
Foar elke kategory wiene der 5 selskippen of jonge spilers útsocht. Hja waarden earst allegearre yn de grutte foyer fan de Lawei presintearre. Letter yn de grutte seal waarden de priiswinners bekind makke troch de STAF-foarsitter.
Wy krigen in oarkonde foar de "bêste foarmjouwing" dy 't Rennie mei in moai boeketsje yn ûntfangst nimme mocht. Mar Lydia waard as priiswinner útroppen en dus de "bêste” by de jonge talinten. Hja moast dy earste priis wol diel mei Chantal Sinnema fan de Tynje: hja hiene beide likefolle punten krige.

Terug