Súkses mei "Pake is net te beteljen"

Nijs >>

 

Us toanielselskip fierde freedtejûn 28 novimber de klucht “Pake is net te beteljen” op yn in útferkocht doarpshûs. 

De spylploech stie ûnder regy fan Jelle van der Veen fan Burgum. Yn in frij koarte tiid moast de ploech de klucht, dy 't eins as ienakter útsocht wie, ynstudearje. De âlde rotten Froukje Roorda, Teije Pool, Jan Posthumus en Rennie van Kammen makken der mei harren meispilers Simon Numan, Nelleke Keuning, Marco Jelmer Westerhof en net-Rottefalster Jacop Postema in kolderike jûn fan.

 

It stik dat hja brochten wie in echte klucht: brike sechjes, mannich ferklaaipartij mei prûken en burden, skelmerijen en sa maear passearden op it toaniel. De grôtfolle seal gie hjir tige graach yn mei.

 

Terug