Utfierings muoike Bella

Nijs >>

Twa jûnen spile ús toanielselkip de klucht fan muoike Bella: op freed 8 en saterdei 9 des. 2017. De earste jûn siet de seal grôtfol: likernôch 180 minsken kamen nei ' t Werflân om in protte plesier te belibjen oan dizze klucht. De saterdeijûns sieten der ryklik 80 minsken yn ' e seal dy't tagelyk mei de3 leden fan de karkommisje fan de STAF de spylprestaasjes fan ús leden te sjen: Rennie van Kammen, Angré Rijpma, Hennie Meppelink, Welmoed Ybema, Lydia de Groot en Aleida Spaak spilen mei Marco Westerhof, René de Haan, en Teije Pool. De regy wie ek dis kear yn hannen fan Jelle van der Veen fan Burgum.
De minsken hawwe har wakker fermakke mei ús klucht. De karkommisje hie graach wat mear tempo sjoen yn dizze klucht. Ja in klucht spylje is ien fan de slimste opjeften foar in spylploech. 
Wim hie fan ' t jier ek boppe  it poadium de beskikking krige oer oanslutings foar skynwerpers fan ' t doarpshûs. 

It dekôr wie troch Lieuwe en Harm opboud, Styn, Annie en Ria setten de spilers yn de goeie kleur en Lysbeth moast se goed by de les hâlde as ynstekker. 

Terug