Skiednis T.S. de Rottefalle 

Troch in oprop yn it tredde nûmer fan de doarpskrante “It Slûske” yn 1980 rjochten in fjirtjintal minsken in selsstannige toanielklup op op 4 juny 1981.
Op 15 jannewaris 1982 waard it earste blijspul: “Twa kibje twa skuld” spile. De earste pear jier spilen se sels twa grutte jûnfoljende toanielstikken: it earste ein novimber en it twadde begjin maart. Nei in pear jier die bliken dat twa jûnfoljende stikken tefolle fan de leden frege wie.
Yn 1982 waard it toanielselskip lid fan it Boun Fryske Toanielselskippen, û.o. om mei te dwaan oan de toanielkriich. Yn 1983 kaam de toanielferiening mei it blijspul “Mei de kompleminten fan de sheik” fuort yn de By Utstek (op ien nei heechste) klasse fan it B.F.T. Mei “It Prieel” promovearren se yn 1992 mei 243 punten nei de Eareklasse.
Om it peil fan it spyljen heech te hâlden wurde der regisseurs socht dy’t in erkende oplieding folge hawwe, en stikken opfiere wolle fan goede kwaliteit.
In oar hichtepunt yn it 25-jierrich bestean fan de feriening wie de dielname yn 1996 oan in ienakter-festival fan Keunstwurk mei 2 stikken fan Tsjechov ûnder lieding fan in toanieladviseur fan Keunstwurk.
Yn 2008 spilen se in Fryske premjêre mei in blijspul fan Ayckbourn, dat troch Joop Mast út it Hollânsk wei oerset wie ta “Flatsoadsje”.
De wichtiche omballings lykas de dekôrbouwerij, it fersoargjen fan lûd en ljocht en it kappen en grimearjen fan de spilers kin al hiel troch eigen minsken fersoarge wurde.

Foardrachtsjun
Jierliks waard der fan 1991 ôf op de earste freed yn novimber foar de bern fan beide basisskoallen fan groep 4 o/m 6 ôf in foardrachtsjûn hâlden mei Fryske gedichtsjes en foar de bern fan groep 7 en 8 mei troch harsels skreaune, Fryske gedichtsjes.
Op 'e Jiergearkomste fan 2011 is der besluten te stopjen mei dizze jûn, om 't der gjin opfolgers te finen binne foar Froukje, Rennie en Styn, dy 't nei 20 jier de put der út hawwe mei de organisaasje fan de Foardrachtsjûn. 

Jongereintoaniel
Sûnt 2007 wurdt der jierliks in toanielproduksje mei in ienakter of in mini-musical foar jongerein fan ± 12 jier en âlder organisearre. De lêste jierren ûnder lieding fan ús lid en dramadosinte: Jelmar Hoekstra.
In ploech hat ek in kear meidien oan de Jongerenteaterdei op 18 april 2009 yn Ljouwert.

Ienakterjûn- en Jeugdtoanieljûn.
Sûnt 2007 wurde der ienakters mei de leden spile dy 't net yn it jûnfoljende stik in rol krigen hawwe.  Ek – yn it gefal der belangstelling en romte is – kinne der belangstellenden mei spylje dy’t noch net lid binne, mar wol ris besykje wolle oft toanielspyljen net wat foar har gading wêze soe. De útfierings barre op de Ienakter-  27en Jeugdtoanieljûn fan ús eigen toanielklup yn april yn “It Tiksel”.

Kontribúsje.
Us leden betelje € 25 kontribúsje. Leden kinne meispylje, oan de dekôrs wurkje, beljochtsje, ynstekke (sûfflearje), grimearje, klean naaie, toanielattributen by elkoar swylje en mei helpe de feriening sa goed mooglik funsjonearje te litten.
Wy hawwe ek sa ‘n 115 stipers, dy ‘t fan € 4.00 ôf of sa folle as men sels misse wol, ús feriening jildelik stypje. Hja kinne ien foarstelling tsjin in wat skapliker priis besykje.